Vereniging van Dorpsbelangen Akkerwoude

Archief

23 Maart 2026
Reiske doarpsbelang >

20 Maart 2026
Algemene Jaarvergadering >

Reiske doarpsbelang

23 Maart 2026
Lykas foargeande jierren binne wy fan doel om ek dit jier wer op reis te gean. It reiske is ornearre foar de leden fan Doarpsbelangen Damwâld fan 55 jier en âlder. Dit jier geane wy mei in bus fan De Jong Tours. It sil heve op woansdei 24 juni 2026 nei Hattem en Giethoorn. De kosten foar dizze dei binne 80 euro de man/frou.


Om 8.10 oere sette wy ôf nei it lytse festingstêdsje Hattem. Der bringe wy in besite oan it bakkerijmuseum.
Hjir wurd ferteld oer de ryke histoarje fan it libben en wurkjen fan de bakker en de skiednis fan ús bôle en gebak. Yn it museumteater krije wy in "broodshow". Mar wy begjinne fansels mei kofje en gebak.
Om 12.00 oere stappe wy yn'e bus nei Giethoorn foar in 3 gongen schnitzelmenu. Nei it iten stappe wy oan board foar in rûnfeart troch Giethoorn. Oanslútend noch wat drinken yn it restaurant en dan geane wy wer op hûs oan. De bedoeling is om 18.00 oere wer by de Krúswei te wêzen, wer't de musyk klear sit en wy noch wat ite sille. Wy hoopje der wer in geselliche dei fan te meitsjen.

Opstaptiden en plakken:
7.50 oere Nij Tjaerda - 8.00 oere De Snûter - 8.05 oere De Krúswei.

Opjefte kin troch ûndersteande gegevens yn te follen en troch te jaan oan Sjoukje Algra, Doniawei 115:
Namme / Adres / Oantal persoanen / Tillefoannûmer / Dieetwinsken / Rolstoel, rollator

Skilje mei ek, tillefoannûmer: 0511-423917 / 06-48714926.
As fia mailadres: san.nema@hotmail.com

It beteljen it leafst oer de bank, it nûmer is:
NL05 RABO 0108339653
As omskriuwing graach melde dat it om it reiske giet.
Jimme kinne jimme opjaan oant 1 juni 2026.
Graach oant sjen op 24 juni.

Út namme fan it bestjoer Doarpsbelang Damwâld,

Sjoukje Algra

Andere berichten :

Algemene Jaarvergadering

20 Maart 2026
Op woensdag 1 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelangen Damwâld. De vergadering zal gehouden worden in de grote zaal van De Krúswei in Damwâld. Inloop vanaf 19.15 uur, aanvang 19.30 uur.